500 kilo hasj fûn yn Drachtster bedriuwsgebou

14 jul 2017 - 11:30

De plysje hat tongersdei 500 kilo hasj yn beslach naam by in bedriuw oan De Giek yn Drachten. Fjouwer manlju tusken de 26 en 48 jier út Ljouwert, Utrecht, Aalsmeer en Amsterdam binne dêrby oanhâlden. Neffens in plysjewurdfierder soenen de drugs in strjitwearde fan inkelde miljoenen hawwe.

De plysje hie it gebou al langer op it each. Neist de drugs hat de plysje ek jild en in trailer yn beslach naam. De fertochten wurde freedtemiddei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.  

Trefwurden: 
Drachten hash plysje De Giek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)