Grutte ravaazje op strjitte nei ferhuzing yn Drachten

14 jul 2017 - 11:14

De ferhuzing fan in bewenner fan de Noarderdwersfeart yn Drachten hat soarge foar in grutte púnheap op strjitte. De hierder moast fan syn hierbaas de wenning ferlitte. De hierder hie tongersdei syn hûs leechhelle en al it guod dat er net mear hawwe woe op strjitte delset. Freedtemoarn ûntdutsen meiwurkers fan de gemeente dat de boel trochsocht wie, wêrtroch't der ien grutte binde ûntstien wie.

De gemeente Smellingerlân lit alles opromje en sil de kosten op de hierder ferhelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)