FNP: 'Stek boetejild yn ferkearsfeilichheid'

14 jul 2017 - 10:49

De opbringsten fan ferkearskontrôles moatte brûkt wurde om de ferkearsfeiligens yn Fryslân te ferbetterjen. Dat fynt de steatefraksje fan de FNP. De systematyk om mei ferkearskontrôles de steatskas te spekken moat ophâlde, fynt de partij. De kommende jierren wurde trajektkontrôles ynfierd op de N351 en de N381. By Tsienzerbuorren en Burchwert komme flitspeallen.

De FNP fynt it earliker en rjochtfeardiger dat it boetejild by de provinsje bliuwt. De steatefraksje hat it kolleezje fan Deputearre Steaten frege oft it ree is om hjir by it Ryk foar te pleitsjen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)