Dizze Fryske fuotbalfroulju wolle it EK winne

It Europeesk kampioenskip frouljusfuotbal begjint snein om 18.00 oere. De Oranje Liuwinnen spylje de iepeningswedstriid yn Utrecht tsjin de froulju fan Noarwegen. Foar it earst is Nederlân gasthear. Der sit ek in Frysk tintsje oan dit EK, want Foppe de Haan is oanwêzich as assistint fan bûnscoach Sarina Wiegman. As Fryske spylsters komme keepster Loes Geurts, Sherida Spitse en Sisca Folkertsma yn aksje yn Oranje.
Loes Geurts (31) fan Hichtum is de keepster fan it team. Se spilet by Paris Saint-Germain en stie mei de Frânske klup yn de finale fan de Champions League. Se hat al 117 ynterlân-wedstriden spile. Har karriêre begûn se by vv RES út Boalsert.
Sherida Spitse (27) út Snits is middenfjilder en fuotballet by FC Twente. Se hat al yn 132 ynterlân-wedstriden spile en is de earste spylster dêr't in transferbedrach foar betelle is. Se begûn har karriêre by VV Sneek en spile fiif seizoenen by SC Hearrenfean.
Sisca Folkertsma (20) út Sleat is oanfaller en spilet by Ajax. Se is de jongste yn de seleksje en hat yn sân ynterlân-wedstriden spile. Earder spile se by SC Hearrenfean.
Wedstriidskema
De froulju sitte ek noch yn de pûl mei Denemarken (tiisdei 20 july, 20.45 oere) en België (moandei 24 july, 20.45 oere). De kwartfinales wurde spile op 29 en 30 july, de heale finale op 3 augustus en de finale op 6 augustus. De NOS stjoert alle wedstriden live út. De wedstriden wurde spile yn de stadions yn Breda, Tilburg, Rotterdam, Utrecht, Doetinchem, Deventer en Enschede.
Dútslân is de regearjend Europeesk kampioen. Debutanten binne Eastenryk, België, Skotlân en Switserlân.