Bûtenpost behâldt swimbad

Der bliuwt in swimbad yn Bûtenpost. De ried fan de gemeente Achtkarspelen gie tongersdeitejûn unanym akkoart mei in amendemint om de mooglikheden fan in nij 25-meterbad te ûndersykjen, dat yn behear fan de gemeente komt.
Der wurdt de kommende moannen útsocht wat dit kostje moat. Dêrnei komt de wethâlder mei in plan en as dit goedkard wurdt, moat it bad healwei 2019 iepenje.