UPDATE: Slachtoffer fan fal yn bouput nei sikehûs brocht

13 jul 2017 - 20:05

In persoan is tongersdeitemiddei yn in bouput fallen foar it stasjon yn Ljouwert. De helptsjinsten binne útriden om it slachtoffer út de put te helpen.

Hy is troch in grutte kraan út de put tild en mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. It is noch net bekend hoe't de man der oan ta is, wol is dúdlik dat er by kennis is.

Ek is noch net bekend hoe't it slachtoffer yn de bouput falle koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)