Fernijing fan Snitser wyk Noorderhoek oplevere

Yn Snits is tongersdeitemiddei de wykfernijing fan de Noorderhoek feestlik oplevere. De ôfrûne jierren binne nei-oarlochske huzen ferfongen troch duorsume apparteminten, gewoane wenhuzen, senioare- en starterswenten. De earste faze waard fiif jier lyn offisjeel iepene troch kening Willem-Alexander, doe noch kroanprins.
Oanlieding dêrfoar wie it projekt Schoon Water, wêrby't in nije manier test waard fan it ynsammeljen en ferwurkjen fan húshâldlik ôffalwetter. Dat bart yn in lytse suveringsynstallaasje, dêr't alle huzen op oansletten binne.