Krokodillen ferwolkomme yn nij ferbliuw AquaZoo

Bistetún AquaZoo út Ljouwert lit tongersdeitejûn syn nije krokodillen oan it publyk sjen. It giet om fjouwer nylkrokodillen: ien mantsje en trije wyfkes. Haadfersoarchster Stephanie Jessen fan AquaZoo hat mei west om se op te heljen út in bistetún yn Spanje. "Oorspronkelijk komen de krokodillen uit Afrika, maar ze zijn geboren in Spanje. De krokodillen passen goed bij het waterrijke thema van het park. Kinderen kunnen via een avontuurlijke route veel leren over de nijlkrokodil," seit de fersoarchster.
De nylkrokodillen binne in hiele ynvestearring foar AquaZoo. It binnenferbliuw fan de bisten is hielendal omboud ta tropysk paradys sadat de bisten harren thús fiele. Ek leit der in nepkrokodil oan de râne fan it ferbliuw. De besikers kinne sa fan tichteby sjen hoe't er der útsjocht en fiele hoe't syn hûd oanfielt.

De iepening fan it nije ferbliuw en de komst fan de krokodillen wurde fierd mei ferskate aktiviteiten. Besikers dy't der jûn hinne kinne, binne foaral jierkaarthâlders en minsken dy't harren kaartsje online kocht ha. Freed 14 july is it ferbliuw iepen foar alle besikers.