Swimbad goedkeaper út mei nije ynstallaasje op wetterstofgas

It swimbad fan Wytmarsum wurdt tenei foar in part ferwaarme mei wetterstofgas. Dy nije skjinne technyk is noch nea earder brûkt yn Europa.
It apparaat is betocht troch it bedriuw Tieluk BV út Ljouwert. Mei help fan sinne-enerzjy wurdt yn in ynstallaasje njonken it swimbad wetterstofgas makke dat dêrnei mingd wurdt mei ierdgas. Dêrtroch is der folle minder ierdgas nedich as no. Foar swimbad Mounewetter betsjut it dat de enerzjyrekken mei mear as in tredde nei ûnderen giet.
De ynstallaasje by it swimbad is offisjeel in proefopstelling, mar de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân hawwe beide al oanjûn mear fan dit soarte wetterstofgasynstallaasjes ynsette te wollen. De ferwachting is dat der de kommende jierren nochris fiif of seis ynstallearre wurde.