Beslút no definityf: 200.000 guozzen ôfsjitte tastien

Der wurde de kommende tiid folle mear guozzen ôfsketten yn Fryslân. Dat hawwe Provinsjale Steaten woansdei besletten.
De maatregels yn it koart:
Doel fan de maatregels:
Ienriedich wienen de partijen woansdei net by it guozzedebat. Der waard woansdeitemoarn ek noch demonstrearre troch de Partij voor de Dieren, Steatelid Rinie van der Zanden fan de partij neamt de mobile ferjeiteams 'deads-eskaders' dy't krekt averjochts wurkje. Natuerorganisaasjes leveren yn it foar krityk ek op de guozzemaatregels en kamen mei in alternatyf plan.
Deputearre Johannes Kramer is der wiis dat de nije oanpak no in feit is. Hy fynt dat it tal fan 200.000 guozzen dat ôfsketten wurde moat, yn in goed perspektyf sjoen wurde moat.
De mobile ferjei- en ôfsjitteams komme der op foarstel fan de VVD. De partij fynt dat boeren net hoege op te draaien foar de skea troch guozzen.

Der wurdt al in skoft praat oer de provinsjale oanpak fan de guozze-oerlêst. Partijen lykas PvdA en Grien Links fûnen it woansdei eins mar in toanielstikje, in 'diskusje foar Pyt Snot'.