Poes reizget mei bus nei Staphorst en is noch poater

Anita Manshande fan Ljouwert krige fan 'e wike de skrik fan har libben. Har kat Luca kaam mar net thús, en no docht bliken dat it bist in bysûndere reis makke hat.
"Doe't ik freedtemiddei thúskaam fan myn wurk, seach ik in buske stean op de oprit fan de buorlju", fertelt Mansvelde. "Dyselde jûn kaam Luca net thús om te iten, wat se oars wol altyd docht. Sneon kaam se ek net, mar se krûpt ek wolris faker earne nei binnen. Dêrom tocht ik dat se miskien opsluten siet."
"Doe't se der snein noch net wie, haw ik de fermissing op de buertapp set. Gjinien hie Luca sjoen, en doe tocht ik ynienen: Se sil dochs net by de buorlju yn it buske krûpt wêze? De buorlju appten mei it bedriuw en dy skreaunen moandei werom dat by oankomst yn Staphorst in poes út it buske flein wie."
Manshande hat al twa kear yn Staphorst west om de kat te sykjen. Moandei binne se fuortendaliks mei in pear minsken te sykjen gien: roppe en flyers ophingje. Tiisdei tocht ien dat se har sjoen hiene en doe binne se fuortendaliks wer nei Staphorst riden: Luca roppe en mei brokjes rammelje. Mar om 'e nocht.
Luca is in folwoeksen, lyts, read poeske. Se hat in hiel lyts bytsje wyt ûnder it bekje en lit har samar aaie as minsken har oanhelje. De kat hat ek in chip sadat identifikaasje gjin probleem hoecht te wêzen.
"Luca betsjut in soad foar my", seit in emosjonele Manshande. "Se is noch mar trije jier. Ik haw noch in poes, mar jo misse dizze dochs."