ChristenUnie Smellingerlân: "Grut respekt foar Marja Krans"

De ChristenUnie yn Smellingerlân seit grut respekt te hawwen foar de kar fan wethâlder Marja Krans om op te stappen. Tiisdei waard bekend dat boubedriuw Van Norel net terjochte oan de kant set is by de ferbou fan teäter De Lawei yn Drachten. Dat kostet de gemeente nei alle gedachten in lytse fiif miljoen euro.
Krans seit mei it opstappen har polityk-bestjoerlike ferantwurdlikheid te nimmen. Neffens de ChristenUnie hat Krans it Lawei-dossier ek mei 'bevlogenheid, betrokkenheid en inzet' oppakt. De partij is enoarm tankber foar wat Krans foar de ynwenners fan Smellingerlân betsjutten hat.
Marja Krans wie sûnt 2006 aktyf yn de polityk yn Smellingerlân.
CDA
Fraksjefoarsitter Jan Groen fan it CDA, de grutste opposysjepartij yn Smellingerlân, neamt it opstappen fan Krans in grutte ferrassing. Groen hie net tocht dat Krans al foarôfgeand oan it spoeddebat fan kommende tiisdei har funksje dellizze soe. "Erg jammer dat de wethouder haar zaak niet verdedigt in het spoeddebat."
Oft de arbitraazjesaak ek foar oare belutsenen konsekwinsjes hawwe moat, dêr is Groen noch net oer út. Earst moat der neffens him in reaksje jûn wurde troch de rest fan it kolleezje. Dan kin sjoen wurde oft der fierder aksje ûndernaam wurde moat.