Measte oproppen foar reanimaasjes yn Súdwest-Fryslân

Boargerhelpferliners yn Fryslân wurde deistich oproppen om in slachtoffer fan in hertstilstân te reanimearjen. Yn de earste helte fan dit jier binne al 196 oproppen dien troch de Meldkeamer Noard-Nederlân.
Mei 32 oproppen stiet de gemeente Súdwest-Fryslân boppe-oan de list, folge troch de gemeente Ljouwert mei 24 oproppen. Eaststellingwerf (14), Smellingerlân (14) en Opsterlân (13) meitsje de top 5 fan Fryske gemeenten kompleet. Dat docht bliken út sifers fan de Stichting Fryslân Hartveilig. De sifers meitsje it belang fan in dekkend netwurk dúdlik, seit de stichting.