Audioproducer Hoogenboezem: Bob Dylan woe net streame

11 jul 2017 - 20:49

In Fries hat yn Amearika in mega-audio-opdracht dien. Michiel Hoogenboezem fan Wergea hat foar de ferneamde talkshowhost Jimmy Kimmel de livestream fan in festival fersoarge. Dat Summerfest fynt plak yn Milwaukee yn de Amerikaanske steat Wisconsin. Grutte artysten komme dêr ek, lykas Bob Dylan, Paul Simon en de Red Hot Chili Peppers. Hoogenboezem is krekt werom út Amearika. Hy hat noch in bytsje lêst fan in jetlag. It Summerfest is fjouwer kear sa grut as Pinkpop.

It is dus 'huge'

"Je moet je voorstellen", seit Hoogenboezem,"een enorm festivalterrrein waar tien of twaalf dagen lang elke dag 60.000 à 70.000 bezoekers komen."

Mar hoe is Hoogenboezem dêr sa bedarre?

Ien fan syn klanten is in grutte Amerikaansk-Nederlânske filmproduksjemaatskippij. Dy hiene him ferline jier al frege om nei New York te kommen, trije of fjouwer dagen foar in oar festival. En dat hat blykber goed foldien, want in moanne ferlyn waard er frege foar it Summerfest.

Hoe bysûnder is dit Summerfest?

Al  dy grutte nammen hat er net alle dagen ûnder syn 'fader' te sitten, jout Hoogenboezem ta. Paul Simon, Bob Dylan, se wiene der allegearre, mar se mochten se net allegearre útstjoere. It wie wol hiel moai om dy artysten ek ris te sjen by in optreden. Dat wie in belibbenis, fertelt Hoogenboezem.

En Bob Dylan?

Dat wie dreger. Lykas sein, diene se it lûd foar in streaming-tsjinst fan Jimmy Kimmel. En it live útstjoeren fan konserten op ynternet binne se yn Amearika noch net sa oan wend. Grutte nammen lykas Bob Dylan, Paul Simon en de Red Hot Chili Peppers sjogge dêr net fuortendaliks de promosjonele wearde fan yn. Artysten dy't in trepke leger stean, dogge dêr wol graach oan mei. 

Bob Dylan wol eins noait útstjoerd wurde. Hy wol ek net op de foto. Alle kamera's moasten fan in poadium. It publyk mocht gjin foto's meitsje, ek net mei mobyltsjes. "Dylan wil het niet en daar heb je je maar aan te houden."

Takom jier mar wer?

Hoogenboezem reagearret entûsjast: "Leuk, heel bijzonder."  As it oan him leit, is er takom jier seker wer fan de partij op it Summerfest.

Trefwurden: 
Michiel Hoogenboezem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)