Man swierferwûne troch fallend pún by sloop garaazje

11 jul 2017 - 12:50

In 61-jierrige man is tiisdeitemoarn swierferwûne rekke doe't in garaazje ynstoarte op de Simmerwei yn Aldwâld. Hy wie op dat stuit dwaande mei sloopwurksumheden yn de garaazje. It slachtoffer rekke beknipe ûnder it pún dat nei ûnderen kaam.

De oproppen brânwacht hat him ferfolgens ûnder it pún wei helle en dêrnei is er reanimearre troch in mobyl medysk team. It slachtoffer is mei spoed nei it sikehûs brocht, mar neffens de plysje liket syn sûnenssituaasje net goed. 

Trefwurden: 
ferwûne Aldwâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)