FNP: Ynternasjonale oanpak guozzeskea

© Henk Bootsma
De oanpak fan de guozzeskea moat op de lange termyn komme troch ynternasjonale gearwurking. Spesifike maatregels foar de winterguozzen binne dêrby foar Fryslân it wichtichste. Dat stelt de fraksje fan de FNP mei in moasje yn Provinsjale Steaten.
Neffens wurdfierder Wopke Veenstra is it guozzeprobleem foaral in probleem oer de grinzen hinne: "It leit yn de aard fan it bistje as trekfûgel. Se binne sa mar de grins mei in oare provinsje en oare lannen oer. Tink ek oan de ûnderlizzende oarsaken lykas de klimaatferoaring. In min briedseizoen yn Siberië hat hjir syn effekten. It is dus logysk dat der in ynternasjonale oanpak foar winterguozzen komt. Yn Fryslân ha wy de measte lêst fan dizze winterguozzen. Dêrom sille wy de ynternasjonale maatregels benammen dêr op rjochtsje moatte."