Moksels binne de koraalriffen fan de Waadsee

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Moksels binne de koraalriffen fan de Waadsee. Dat docht bliken út ûndersyk troch it Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee, it NIOZ. De wize wêrop moksels banken foarmje, soarget der foar dat se fûgels, fisken en lytse organismen oanlûke en it ekosysteem yn de Waadsee fearkrêftich hâlde.
De wittenskippers fan it NIOZ sizze dat se yn de patroanen fan de mokselbanken de blaudruk fan it better wurden fan it biologysk lânskip fûn ha. Dat lânskip waard yn de jierren '80 slim oantaaste troch stoarmen en fiskerij. De útkomsten fan it ûndersyk wurde brûkt om nije mokselbanken oan te lizzen.