Hierders appartemintekompleks The Block komme yn aksje

65 fan de 70 hierders yn it appartemintekompleks 'The Block' yn Ljouwert komme yn aksje tsjin de neffens har fierstente hege hierpriis en útsûnderlike gebrekken fan it appartemintekompleks dêr't se wenje. Se wolle in legere hier fan partikuliere ferhierder Bakkers en Hommen út Eindhoven. Sûnt it gebou yn de simmer fan 2016 oplevere waard binne der in soad saken net ôfmakke. Sa soe der neffens de hierders in fytsestalling komme, mar wurdt dy no net mear boud. Itselde jildt foar de balkons dy't rûnom de apparteminten komme soenen. Bûten it gebou ûntbrekt ferljochting en de twa liften yn it kompleks binne stikken en ôfkard. Hierders is de belofte dien dat der in waskerij komme soe, mar moatte it no noch dwaan mei 1 waskmasine foar 70 hierders.
Yn de apparteminten wie eartiids it Ministearje fan Lânbou fêstige. Yn maart dit jier die de gemeente Ljouwert noch in ynspeksje nei de feiligens yn it appartemintekompleks. Der hingje bygelyks gjin brânblussers. De ynspeksje konkludearre lykwols dat needútgongbuordsjes en blussers ek net nedich binne om't der gjin nijbou plakfûn hat.
It hierteam Ljouwert, dat opkomt foar de rjochten fan hierders, is mei de bewenners yn petear. Sy hawwe de 65 hierders it advys jûn om alle apparteminten toetse te litten troch in spesjale lanlike hierkommisje. Dy kin in binende en rjochtsjildige útspraak dwaan oer de keale hierpriis per moanne. Hat de hier de ôfrûne moannen te heech west, dan moat de ferhierder de hier mei weromwurkjende krêft werombetelje. "Wij denken dat dat bedrag waar wij op rekenen dat in totaal moet worden terug betaald, zo'n 30.000 tot 40.000 euro is," sa seit wurdfierder fan de hierders Tim Geilenkirchen. "Het is ons niet eens meer om het geld te doen, maar meer om respect. Er zijn zoveel gebreken, de verhuurder wil niet naar ons luisteren en doet loze beloften. Zo ga je niet met mensen om."
In lanlike hierkommisje hat de saak yn ûndersyk en docht nei alle gedachten yn septimber útspraak. It komt neffens Geilenkirchen yn ús lân net faak foar dat sa'n grut tal hierders har appartemint toetse lit en in saak oanspant tsjin de ferhierder. Hierders betelje tusken de 750 oant 1000 euro hier per moanne foar in appartemint.