Menamer Gouden Willem Partij fan augustus nei maaie

As it oan it bestjoer fan de keatsferiening VVV Menaem leit, wurdt de tradisjonele Gouden Willem Partij fan takom jier ôf ferskood fan it twadde wykein yn augustus nei 26 en 27 maaie. It keatsbestjoer fielt him twongen wat te dwaan, want it slagget hieltyd minder om foldwaande frijwilligers te krijen foar de organisaasje fan it Menamer keatswykein. De Menamer keatsdagen falle no alle jierren yn de fakânsjetiid en dat makket it dreech om genôch minsken te finen dy't meiwurkje wolle. Ek de publike belangstelling nimt hieltyd mear ôf.

Mei in nije datum hopet VVV Menaam syn keatswykein wer in ympuls te jaan. It wykein yn maaie komt frij, omdat yn Doanjum fan takom jier ôf gjin haadklasse partij mear ogranisearre wurdt. Op 19 july leit it Menamer keatsbestjoer it foarstel foar oan de leden. Sy hawwe it lêste wurd. Ek it keatsbûn KNKB moat him noch útsprekke oer de plannen.