NAM foarlopich noch net klear mei gaswinning yn Fryslân

Yn Eanjum is moandei it heechste punt fan de nijbou fan it multyfunksjonele sintrum en it NAM-kantoar berikt. De NAM betellet in grut diel fan de nijbou, lykas in opknapbeurt fan it sintrum fan it doarp. Mei de ynvestearring wol de NAM graach wat betsjutte foar Eanjum en omjouwing. In goede ferstânhâlding mei de ynwenners fan it doarp is wichtich, want it enerzjybedriuw is foarlopich noch net klear mei de gaswinning yn it noardeasten fan Fryslân.
Want, sa seit Henk Heeringa fan de NAM, ek al wurdt der folop sjoen nei duorsume alternativen, gas bliuwt de kommende 20 jier hiel wichtich foar ús enerzjyfoarsjenning.