Utjouwerij Royal Jongbloed hâldt wedstriid foar fotobibel

Utjouwerij Royal Jongbloed op It Hearrenfean komt mei in fotobibel. It bedriuw ropt amateurfotografen op om foto's yn te stjoeren fan minsken, situaasjes en omstannichheden dy't in taljochting wêze kinne by in bibeltekst. In sjuery sil tsientallen foto's útsykje, dy't yn it boek opnaam wurde. De útjouwerij wol mei de fotowedstriid de bibeltekst tichterby de minsken bringe.
"Je gaat nadenken over de mogelijke toepassing van een bijbeltekst op het moment dat je er een foto mee combineert", sa seit Margaretha de Haan fan Royal Jongbloed. "We vinden dat die verwerking goed past bij de tekst van Het Boek, een iets vrijere bijbeluitgave met een missionaire ondertoon. We hopen dan ook dat vele mensen hun mobieltje gaan gebruiken of een eigen fototoestel om de meest geslaagde foto's in te sturen."
De sjuery selektearret op kwaliteit, útstrieling, detaillearring, orizjinaliteit en oft der in logyske ferbining is tusken de foto en de bibeltekst. Allinnich kleurefoto's binne tastien en dy kinne ynstjoerd wurde oant 15 septimber.