Anne Tauber fan Oranjewâld 15e yn wrâldbeker Lenzerheide

Anne Tauber yn aksje op de mountainbike © www.habitatmountainbiketeam.com
Mountainbikester Anne Tauber fan Oranjewâld is yn it Switserske Lenzerheide 15e wurden yn fjirde omloop fan de wrâldbeker. Yn Andorra liet se earder sjen dat se mei in achtste plak mei de wrâldtop meidwaan kin. Yn Switserlân slagge dat yn de earste oardel ronde ek, mar doe kaam se hurd te fallen op it glêde parkoers. By de fal bruts har frame en dêrtroch miste se de oansluting en ek in bytsje it selsfertrouwen, sa sei se nei de wedstriid.
Kommende snein stiet it Nederlânsk kampioenskip yn Landgraaf op it programma.