Delegaasje Kulturele Haadstêd besjocht reuzen yn Frankryk

In delegaasje út Fryslân hat dit wykein yn Frankryk west om de reuzen fan Royal de Luxe te besjen. De foarstelling dy't folgjend jier ek nei Ljouwert komt, wie te sjen yn de havenstêd Le Havre. Foar minsken fan Kulturele Haadstêd, gemeente en plysje reden om derhinne te gean.
Se woene ûnder oare graach witte hoe't je omgean mei grutte minskemassa's yn de stêd. Yn Le Havre kamen 400.000 taskôgers op it spektakel ôf. Ek is der sjoen nei feilichheidsmaatregels. Dy wiene yn Le Havre tige strang fanwege de lêste oanslaggen yn Frankryk. De Fryske delegaasje sil de ûnderfiningen meinimme.
De reuzemarionetten komme yn augustus takom jier nei Ljouwert.