Ried fan de Fryske Beweging komt mei nij tydskrift

De Ried fan de Fryske Beweging komt fan jannewaris takom jier ôf mei in nij publykstydskrift. Dat sil faker ferskine as it besteande blêd Swingel, dat twa kear yn it jier útkomt mei 400 betelle nûmers. It nije tydskrift moat seis kear yn it jier ferskine, mei in oplage fan op syn minst 6000 eksimplaren.
It nije blêd soe in 'glimmer' wurde kinne. It idee is om elkenien dy't wat mei Fryslân en it Frysk hat, lykas sportferieningen en bedriuwen, in poadium te bieden. Der stean dan bygelyks bydragen yn fan It Fryske Gea, Tresoar en Tryater.