UPDATE: Ferwûne by stekpartij yn Ljouwert

© Postema Media
In 24-jierrige man út Ljouwert is sneontejûn ferwûne rekke nei't er op it Suderplein yn de stêd mei in mes stutsen wie. Oan de hân fan tsjûgeferklearrings koe de plysje al gau twa fertochten oanhâlde. It giet om twa manlju út Ljouwert fan 32 en 49 jier. Sy sitte fêst op it plysjeburo foar fierder ûndersyk.
It slachtoffer is troch freonen nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Hy hat meardere snijwûnen oprûn. De man is bûten libbensgefaar. Hy hat yntusken oanjefte dien. De plysje docht ûndersyk nei de krekte tadracht fan de stekpartij.