SC Hearrenfean wint op De Lemmer fan FC Nordsjaelland

Henk Veerman © AWfoto.nl
Sportklup Hearrenfean hat sneon op De Lemmer ek de tredde wedstriid yn de tarieding op it nije seizoen wûn. By VV Lemmer waard mei 3-2 wûn fan de Deenske fuotbalklup FC Nordsjaelland. De Denen pakten yn de earste helte wol de lieding troch in goal fan Jensen, mar Michel Vlap makke noch foar rêst gelyk: 1-1.

Twa minuten nei rêst sette Henk Veerman Hearrenfean op foarsprong en dyselde Veerman skoarde letter ek de 3-1 út in penalty. Flak foar it einsinjaal die Mikkelsen noch wat werom foar Nordsjaelland: 3-2.