Miljoenen ekstra foar agrarysk natuer- en lânskipsbehear
It Ryk lûkt 40 miljoen euro ekstra út foar agrarysk natuer- en lânskipsbehear yn it hiele lân. Dat hat steatssekretaris Van Dam tasein. Natuerorganisaasjes binne wiis mei it nijs. De twa kear 20 miljoen euro kinne yn 2019 en 2020 ynset wurde nei in nije yndieling fan it budzjet fan it Gemeenskiplike Lânboubelied.
Dêrtroch is der net allinnich jild foar mear en effektiver greidefûgelbehear, mar ek foar it oanlizzen fan bygelyks houtwâlen en hagen.
Dêrtroch is der net allinnich jild foar mear en effektiver greidefûgelbehear, mar ek foar it oanlizzen fan bygelyks houtwâlen en hagen.