Hynders los nei ûngelok op drokbesochte Jouster Swipedei

De striid om de Gouden Swipe is freedtejûn wat letter holden as ferwachte. As gefolch fan in ûngelok wienen der trije hynders losbrutsen op de baan op De Jouwer. Dy moasten troch de organisaasje earst wer fongen wurde. It wie freed âlderwetsks drok op de Swipedei. Op de sfearfolle Nuts-gersbaan waarden freed tsien fariearre koersen holden.
Hiltsje Tjalsma hie dizze draverij graach foar de sechsde kear winne wollen, mar waard útlotte. Der wienen santjin hynders ynskreaun, wylst der mar tsien starte mochten. De Gouden Swipe gie úteinlik nei de 17-jierrige Lotte de Vlieger mei har hynder Fakir Oldeson.