Auto botst tsjin heechspanningsmêst by Achlum: twa ferwûnen

07 jul 2017 - 16:10

By in auto-ûngelok op de Hitzumerwei by Achlum binne freedtemiddei twa minsken ferwûne rekke. De bestjoerder fan de auto rekke troch ûnbekende oarsaak fan de dyk en kaam tsjin in heechspanningsmêst ta stilstân. De helptsjinsten wienen der gau by.

De slachtoffers rekken licht ferwûne en binne út foarsoarch nei it sikehûs brocht. De Hitzumerwei is tydlik ôfsletten, omdat de plysje ûndersyk docht nei de tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)