Fjouwer 'Kleasterrûntsjes' om by del te kuierjen en fytsen

Grutte tsjerke
Tsjerkepaad organisearret dizze simmer fjouwer kuier- en fytstochten by tsjerken en lokaasjes del dêr't earder kleasters stienen. Dizze 'Kleasterrûntsjes' passe goed by it tema 'Rome en de Reformaasje' dat dit jier sintraal stiet by Tsjerkepaad. De tochten wurden holden yn en om Ljouwert, Gerkeskleaster-Boerum, Mitselwier en Boalsert. It earste kleasterrûntsje wurdt nije wike sneon holden.