Winst fan 18 miljoen euro foar suvelbedriuw Royal A-ware

© Royal A-ware
Suvelbedriuw Royal A-ware, mei ek in fêstiging op It Hearrenfean, hat ferline jier achttjin miljoen euro winst makke. Der waard goed ien miljard euro omset. A-ware hat ek mear suvel ferkocht. It bedriuw is spesjalisearre yn tsiis, suvel en rjemme. Op It Hearrenfean wurdt tsiis makke.
Royal A-ware wol neat sizze oer de ferwachtingen foar dit jier, omdat de suvelmerk sa ûnwis is. Op grûn fan it earste healjier is de direksje wol posityf.