"Provinsje rint achter mei plannen feangreidegebieten"

Tsjinstridige belangen soargje derfoar dat de provinsje achterrint mei de plannen foar feangreidegebieten. Boeren, natuerbehearders, rekreaasje-ûndernimmers en omwenners hawwe allegearre harren eigen belangen.
De provinsje en Wetterskip Fryslân wolle de feangebieten graach behâlde. Troch boaiemdelgong oksidearret en ferdwynt it fean. Troch it ferheegjen fan it wetterpeil kin dat tsjingien wurde. Mar dat is net yn alle gefallen geunstich foar de boeren. Nettsjinsteande de fertragings mei de feangreidefisy hat deputearre Sietske Poepjes goede hoop dat partijen derút komme.
Ynsprekker Ko van den Brink fan Belangenvereniging Funderingsgedupeerden Nederland is lykwols skeptysk. Hy tinkt dat de belangen fan de boeren úteinlik de trochslach jaan sille.