Winterrêst guozzen wurdt ôfskaft en mear guozzen ôfsjitte

In mearderheid yn Provinsjale Steaten bliuwt by it foarnommen plan om de guozze-oerlêst werom te kringen. De winterrêst foar guozzen wurdt ôfskaft, it tal guozzen dat ôfsketten wurde mei, giet omheech fan 85.000 nei 200.000 en it totale plan mei net mear as 10 miljoen euro kostje. Dat binne de belangrykste betingsten dy't deputearre Johannes Kramer stelt. It doel is úteinlik om de skea troch guozzen mei 5 oant 10 prosint te ferminderjen.
Ferdielde mieningen
Yn de steatekommisje fan woansdeitejûn die bliken dat de partijen dy't te krijen hawwe mei de guozzeproblemen it net iens binne. Sa stapten It Fryske Gea en Natuermonuminten al fan 't maitiid út it mienskiplik oerlis. Mei de Fûgelbeskerming sjogge se neat yn it ekstra ôfsjitten fan guozzen. Sy tinke dat 'natueryntinsive lânbou' better wurket. Deputearre Johannes Kramer sjocht neat yn dy oanpak fan mear natuerfreonlik buorkjen.