Meshack Lufile tekenet by basketbalklup Aris

© Aris
De Ljouwerter basketbalklup Aris hat syn earste spiler foar it nije seizoen. It giet om de Kanadees Meshack Lufile. Hy spile it foarige seizoen ek al foar Aris. Doe hie er in skoft lêst fan in rêchblessuere. De basketballer makke goed 12 punten de wedstriid en past neffens de nije coach fan Aris, Tony van den Bosch, goed yn it technyske plaatsje. De ferwachting is dat meardere spilers meikoarten har hanteken ûnder it kontrakt sette sille.