Gemeente wol Harnzer monuminten better beskermje

Monuminten yn Harns moatte better beskerme wurde. Eigeners, oannimmers en makelders moatte bewuster makke wurde fan de wearde fan it erfguod. Dat is allegear bedoeld om yllegale ferbouwings fan monuminten in halt ta te roppen. Der giet te faak wat mis mei de ferbouwing fan monuminten.
De Fryske havenstêd hat sa'n 500 monuminten en dêr wolle se sunich op wêze. Der sil mear ynformaasje jûn wurde en mear gearwurking socht wurde mei dejingen dy't monuminten besitte of ferbouwe. De gemeente wol ek graach suggestjes en ideeën fan de ynwenners hawwe oer hoe't it monumintebelied better kin.