Brantsje troch koartsluting ôfwaskmasine yn Boalsert
Oan de Knetemanstrjitte yn Boalsert hat tiisdeitemiddei koarte tiid brân west. Yn de wenning hong in brânlucht. Doe waard de brânwacht warskôge.
Brânwachtminsken hawwe ûndersyk dien yn it hûs en ûntdutsen dat der koartsluting ûntstien wie yn de ôfwaskmasine. De skea yn it hûs oan de Knetemanstrjitte falt ta. De brânwacht koe gau werom nei de kazerne.