Smellingerlân hat measte jongeren mei útkearing yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Smellingerlân hat fan ús provinsje de measte jongeren mei in útkearing. Dat docht bliken út sifers fan it CBS oer 2015. Gemiddeld leit it tal jongeren mei in útkearing yn Fryslân op acht prosint, yn Smellingerlân is dat twa prosint mear. It giet dan om jongeren tusken de 15 en 27 jier. It lanlik gemiddelde leit op seis prosint.
Ek yn Drinte en Grinslân binne in soad jongeren mei in útkearing, mear as yn de rest fan Nederlân. It tal is wol wat ôfnaam yn fergeliking mei 2014.