Krokodilleferbliuw AquaZoo nije wike iepen
AquaZoo iepenet nije wike tongersdei in krokodilleferbliuw. Der komme fjouwer Nylkrokodillen te wenjen. Ek komt der in sabeare-krokodil oan de râne fan yn it ferbliuw te lizzen, sadat besikers fan tichtby sjen kinne wêr't de eagen en earen fan it bist krekt sitte. Ek kinne se fiele hoe rûch oft de hûd fan de krokodil is.