Seldsume planten fûn op Skylge

Yn it dúnwetterke Doodemanskisten bij West-Skylge is in tal hiel seldsume planten fûn. It giet om ûnder oare fyn readerf (anagallis tenella) en pilfearke (pilularia globulifera). Dy soarten wiene bekend oant yn de jierren fyftich, mar ferdwûnen dêrnei. Se komme no noch mar op in pear plakken yn Nederlân foar, mar op Skylge groeit it fyn readerf flink.
It kaam oant yn de jierren fyftich foar yn de Doodemanskisten, mar it ferdwûn neidat it marke útbaggere wie. De boskwachters fan Steatsboskbehear tinke dat de planten groeid binne út sied dat noch yn de boaiem siet.