Nei Twadde Keamer mei petysje tsjin proefboarring

(stockfoto) © Omrop Fryslân
Ynwenners fan Nij Beets sille tiisdei nei Den Haach om dêr hantekens oan te bieden tsjin in proefboarring fan gaswinbedriuw Vermilion. It bedriuw wol healwei Nij Beets en Aldeboarn nei gas boarje. Nij Beetsters meitsje harren grutte soargen oer de gefolgen dy't gaswinning hawwe kin foar de leefberens yn it doarp en de omjouwing. De petysje dy't se opsteld hawwe, is mear as tûzen kear tekene. Se biede him tiisdei oan oan SP-keamerlid Sandra Beckerman. De gemeente Opsterlân beslút ynkoarten oft Vermilion in proefboarlokaasje oanlizze mei.