Fersterke Iselmardyk by De Lemmer offisjeel oplevere

De fersterke Iselmardyk tusken De Lemmer en Aldemardum is moandeitemoarn offisjeel oplevere. Om De Lemmer en it achterlân de kommende fyftich jier drûch en feilich te hâlden is de Iselmardyk dêr oer in ôfstân fan fiif kilometer ien meter ophege. Mear as 240.000 kúb grûn is derfoar ferpleatst en der wiene 10.000 ritten mei grutte frachtauto's nedich. It wurk soe trije jier duorje, mar is sa'n trije moanne earder klear.
De Iselmardyk is fersterke as ûnderdiel fan it lanlike Hoogwaterbeschermingsprogramma HWBP, in gearwurking fan Rykswettersteat en de wetterskippen. Yn it ramt fan dat programma wurde yn hiel Nederlân mear as 1100 kilometer oan diken oanpakt oant it jier 2028. De fersterking fan de Iselmardyk by De Lemmer hat mei-inoar 10 miljoen euro koste. De kommende 4 jier ynvestearret it Wetterskip Fryslân tusken de 40 en 45 miljoen yn it jier om de diken yn Fryslân op feilige hichte te bringen.