Undersyk op It Amelân nei gefolgen opspuitsjen sân
Rykswettersteat is moandei op It Amelân begûn mei in fjildûndersyk nei de gefolgen fan it opspuitsjen fan sân lâns de kust. It opspuitsjen is bedoeld om Nederlân te beskermjen tsjin de see. Fan ûndersyksskip de Luctor en it strân ôf wurde meunsters naam fan de boaiem om te sjen wat it opspuitsjen fan it sân mei de natuer docht.
It ûndersyk duorret oant en mei freed en is in ferfolch op in earder ûndersyk. De útkomsten helpe Rykswettersteat by it bepalen fan it belied. Sa hâldt de organisaasje rekken mei briedgebieten fan seefûgels en bliuwe se út de buert fan seehûnen mei jongen.