Protest tsjin werynrjochting Boalserter plein om fontein

Omwenners en ûndernimmers yn it sintrum fan Boalsert fiere aksje tsjin de plannen foar it pleatsen fan in fontein op it Broereplein. Se hawwe in libbensgrut byld fan de fontein, ûnderdiel fan it Kulturele Haadstêd-projekt 11Fountains, op it plein delset. De aksjefierders binne it der net mei iens dat it plein werynrjochte wurdt en der parkearplakken opheft wurde om romte te jaan oan de fontein.
Neffens de beswiermakkers hat de gemeente Súdwest-Fryslân oant no ta neat dien mei harren beswieren. Se sizze der wol by dat se net tsjin de fontein sels binne.