Ljouwerter fan fyts lutsen en slein op de Nijstêd
In 20-jierrige man hat yn de nacht fan sneon op snein in Ljouwerter (23) fan syn fyts lutsen en mishannele. Dat barde op de Nijstêd yn it sintrum fan Ljouwert. De fertochte naaide oanslutend op de fyts út. It slagge de plysje justjes letter om de man oan te hâlden.
De plysje ûndersiket noch wat him krekt ôfspile hat op de Nijstêd.
De plysje ûndersiket noch wat him krekt ôfspile hat op de Nijstêd.