111 wurken en wurden wurde keunst op syn Frysk

02 jul 2017 - 12:52

Museum Belvédère hat in boekje útbrocht mei keunst en Fryske wurden. '111 x Keunst op syn Frysk' hjit it. It is in kombinaasje fan tekst en byld. Details fan keunstwurken út Museum Belvédère yn Oranjewâld wurde keppele oan Fryske trefwurden, mei in oersetting yn it Nederlânsk, Dútsk, Ingels, Frânsk en Deensk.

It doel is om in oersjoch te meitsjen fan wurden, bylden en betsjuttings. It Groninger Museum hat ek sa'n boekje makke, nei in Dútsk foarbyld. Direkteur Evert Jan Rotshuizen fan it museum hat it boek oerlange oan kultuerdeputearre Sietske Poepjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)