'Emotionday' yn Appelskea: alles oer duorsume oandriuwing

Appelskea stie sneon yn it teken fan elektrysk bewegen. Op de saneamde Emotionday, de elektryske bewegingsdei wie sa ûngefear alles te sjen wat mei elektryske oandriuwing ride, farre of fleane kin. De inisjatyfnimmers wurde diels dreaun troch idealisme mar se leauwe ek hillich yn in duorsume takomst.
Der wiene ek sprekkers dy't útlis joegen oer it nut en de needsaak fan in duorsume takomst. De bekendste wie âld D66-politikus Jan Terlouw. De publike belangstelling foel ôf. De organisaasje hie sa'n 10.000 minsken ferwachte, mar dy wienen der lang net.