Sûnenssintrum 'It Kleaster' yn Wytgaard yn gebrûk naam

Yn Wytgaard is it nije sûnenssintrum 'It Kleaster' offisjeel iepene. Yn it âlde kleastergebou, dat omboud is ta sûnenssintrum, sitte ûnder oare in praktyk foar fysioterapy, thússoarch, in apoteek, in diëtiste en trije húsdokters. It trajekt foar de komst fan it sûnenssintrum hat tsien jier duorre, mar neffens Luit Jan Lukkes kin de regio no wol tritich jier foarút mei it sûnenssintrum.
Húsdokter Lukkes fynt dat de tiid foar lytskalige solistyske húsdokters foarby is en is der bliid mei dat der by harren in grut ferskaat oan soarch ûnder ien dak oanbean wurdt, sadat der gearwurke wurde kin.