Jongerein rêdt tsjotter "War Dy' fan ûndergong

Op de jachtwerf Joh. van der Meulen yn Snits is sneontemoarn de tsjotter 'War Dy' op 'e nij yn de feart brocht. De fertutearze tsjotter is fan de ûndergong rêden. Eigener is de 15-jierrige Riemer, wylst in soad wurk oan de tsjotter dien is troch de 18-jierrige stazjêr Sybo fan de jachtwerf.
Riemer sil by de Stichting Friese Tjottervloot yn de lear om syn sylkeunsten te ferbetterjen. De 5 meter langer 'War Dy' is yn 1962 boud troch Berend de Jong yn Heech.