Dweiltrochwiet iepenloftspulpublyk mei fergees nochris komme

Publyk dat freedtejûn by it ferreinde iepenloftspul Hea of Hout yn Jonkerslân wie, mei de foarstelling noch in kear sjen. Fergees. Neffens de organisaasje is de foarstelling folle moaier by drûch waar. Dan is it ljocht ek better.
It publyk siet ûnder poncho's, en hie it net kâld, seit Attje de Vries. It hie wol in speciaal sfeerke, skriuwt se op de facebookside fan de tonielferiening. Ek Appie Nutterts hat in geweldige ynset sjoen fan de spylers en de oare frijwilligers. "Wy hienen in poncho oer mar jim moasten yn jim wiete klean trochspylje. Djip respect."
Wa't gebrûk meitsje wol fan it oanbod om de foarstelling nochris te sjen, kin maile nei info@freonental.nl. Minsken kinne op 1 of op 8 july opnij nei Jonkerslân komme. De organisaasje set der dan wat ekstra stuollen by.
It iepenloftspul Manon yn Dronryp is freedtejûn fanwege it minne waar net troch gien. Minsken dy't dêr kaarten foar hiene, kinne no snein yn Dronryp telâne. Dy foarstelling wurdt dan om 21.00 oere ynhelle.