Gjin stopwatch mear op it iis, mar in mobile app

30 jun 2017 - 20:25

Reedrydtrainers yn Thialf op It Hearrenfean hoege tenei gjin stopwatchen mear mei it iis op te nimmen, mar tablets. Ynnovaasjelab Thialf en reedridersbûn KNSB hawwe mei it bedriuw Sportunity in mobile applikaasje ûntwikkele dêr't trainers op tolve ferskate punten fan de baan de tuskentiid en snelheid fan in rider sjen kinne. Yn it iis fan Thialf binne 'mjitlussen' ynstallearre dy't dat mooglik meitsje. Kommersjele teams brûke it nije systeem as wize fan proef sa lang it simmeriis yn Thialf leit.

De saneamde 'Sprint Coach App' wurdt de kommende moannen trochûntwikkele foar reedriders yn de top- en breedtesport. It is de bedoeling dat mear iisbanen de nije app brûke sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)